Harkemase Boys ferliest

13 nov 2010 - 17:42

Topklasser Harkemase Boys hat sneon yn en tsjin CSV Apeldoorn mei 3-2 ferlern. De Harekiten kamen net bêst út de startblokken. Binnen tsien minuten kamen se op in 1-0 efterstân. It wie yn de twadde helte dat René van der Wey de 1-1 makke.

Ynfaller Tony Alberda soarge fiif minuten foar de ein fan de wedstriid foar in 2-1 foarsprong. Trije minuten letter makke Apeldoorn 2-2 en yn blessueretiid waard de winnende treffer noch ynsketten: 3-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)