Stephanie Beckert wint 3000 m

13 nov 2010 - 17:11
  • Ireen Wüst waard fjirde (foto: Sportfoto.nl)

De Dútse Stephanie Beckert is de ferrassende winner fan de 3000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf op It Hearrenfean. Yn de lêste rit tsjin de Japanske Masako Hozumi sette se de rapste tiid del fan 4.04.38. De Kanadese Cindy Klassen einige op in twadde plak 4.07.19.

Bêste Nederlanner waard Ireen Wüst 4.08.11. Se einige op in fjirde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)