CDJA noch altyd kritysk

13 nov 2010 - 16:40

De CDA-jongeren bin noch altyd kritysk op it funksjonearjen fan de eigen partij. Dat wie sneon te hearren op it lanlik kongres fan de CDJA yn it WTC-Expo yn Ljouwert. It CDJA hie in pear moanne lyn al fûl úthelle nei de bestjoerskultuer fan it CDA.

Ut in freed presintearre rapport docht bliken dat it CDA de koers drastysk wizigje moat om de machtsposysje yn 'e polityk werom te winnen. Dat klinkt goed, mar de jongeren moatte it earst mar ris sjen, sa sizze se.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)