Dupearren reisburo yn aksje

13 nov 2010 - 15:51

Dupearren fan reisburo De Vries fan Drachten wolle in belangeferiening oprjochtsje om it fallisemint te ûndersykjen. Mei de feriening wolle se jild byinoar garje om in boekhâlder oan te stellen.

Dizze wike waard bekend dat reisburo De Vries it fallisemint oanfrege hat. De boekhâlder moat útsykje wêr't de twa ton dy't minsken betelle ha foar tickets en reizen bedarre is. De Vries soe in twadde reisburo ha yn Gana.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)