Cambuur-bestjoer teloarsteld

13 nov 2010 - 14:25

It bestjoer fan Cambuur is swier teloarsteld yn wethâlder Florijn fan Ljouwert. Dy seit yn de Ljouwerter krante fan sneon dat it hjoeddeiske bestjoer plak meitsje moat foar in nij bestjoer. Dat soe nedich wêze om nije ynvestearders yn de klup te krijen.

Neffens de Ljouwerter binne sa'n tweintich sakeminsken ree jild yn de fuotbalklup te stekken, op betingst dat der in nij bestjoer komt. It hjoeddeiske bestjoer hie dat graach sels fan Florijn hearre wold.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)