Waringa wint ferhalewedstryd

13 nov 2010 - 14:15

De gemeente Smellingerlân hat it Rink van der Velde-jier offisjeel ôfsletten. Dat waard freedtejûn dien mei it bekend meitsjen fan de winner fan in ferhalewedstryd yn de trand fan Van der Velde.

Dy wedstryd waard wûn troch Cor Waringa mei it ferhaal Demjanjuk. Neist de ferhalewedstryd bestie it tinkjier ûnder oare út in tentoanstelling en de opfiering fan de iepenloftfoarstelling Pake Sytse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)