Drank op en gjin rydbewiis

In 17-jierrige Dokkumer is freed oanhâlden op fertinking fan autoriden sûnder rydbewiis. De plysje krige in melding dat in auto yn in plantsoen oan de Alvawei stie. De auto stie oant de as ta yn de drek en koe net mear fuort komme.
De trije persoanen dy't der by wiene woene net sizze wa't de sjauffeur west hie. Dêrom moasten se alle trije mei nei it buro. Dêr die bliken dat de 17-jierrige achter it sjoer sitten hie. Hy hie drank hân.