Provinsje fluitet SWH werom

De provinsje jout gjin goedkeuring oan 11 miljoen euro oan ynvestearrings dien troch de fiif gemeenten dy't aanst fusearje wolle yn de Súdwesthoeke. Neffens de provinsje is dat net goed foar de takomstige finânsjes fan de nije gemeente. Troch dy hâlding kin bygelyks it opknappen fan diken yn gefaar komme.
Yn de SWH binne se ferbjustere. Neffens de projektgroep dy't de fúzje tariedt, oardielet de provinsje te gau om't se de feiten net kinne.