Sinteklaas wer yn Fryslân

13 nov 2010 - 12:21

Sinteklaas is wer yn Nederlân. Ek yn Fryslân is er sneontemiddei yn ferskillende plakken wolkom hiten. Syn oankomst mei de boat op It Hearrenfean waard streekrjocht útstjoerd troch Omrop Fryslân. Sinteklaas waard oan it Breedpaad mei syn Swarte Piten wolkom hiten troch boargemaster Peter de Jonge.

Der wiene in soad bern mei âlden op 'e lappen om de gasten út Spanje wolkom te hiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)