Marterhûn by Vegelinsoard

13 nov 2010 - 11:38

By Vegelinsoard yn Skarsterlân is in eksoatyske marterhûn (wasbeerhond) dea rekke neidat er yn in maishakselmasine kommen wie. It is al de tredde yn in jier tiid yn Fryslân. In oar bist kaam ferline jier op deselde wize oan syn ein yn deselde omjouwing. By Ketlik is sa ek ien omkaam. It liket der dus op dat der in koloanje foarme is.

Oarspronklik komme de marterhûnen út East Europa dêr't se fokt wurde foar it bûnt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)