Cambuur te sterk foar Sparta

12 nov 2010 - 23:06

SC Cambuur hat foar eigen publyk trije punten pakt tsjin Sparta. Der waard mei 3-1 wûn fan de direkte konkurrint yn de subtop. Yn de earste helte waard it 0-1 troch Johan Voskamp. Krekt dêrnei krige Cambuur in strafskop, dy't benut waard troch Nassir Maachi: 1-1.

Nei in kertier yn de twadde helte krige Spartaan Marten de Roon read en even letter makke Zdenko Kapralik de 2-1. Sandor van der Heide soarge mei in moaie pegel úteinlik foar de beslissing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)