Twifels oer 'knetterwetter'

12 nov 2010 - 20:49

In tal klanten fan Vitens dat klachten hat oer it kabaal fan har wettersieder set fraachtekens by de oarsaak dy't it wetterbedriuw jout. Neffens Vitens is dy oarsaak it skjinnere wetter dat sûnt koart yn it westen fan de provinsje levere wurdt.

Neffens Vitens meitsje wettersieders bûten Fryslân ek mear lawaai troch it skjinnere wetter. Ut mails dy't de omrop krijt docht bliken dat minsken dy't ek yn oare dielen fan it lân wenne ha dat net herkenne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)