Leenstra: sânde op 1000 meter

Marrit Leenstra
By de earste wrâldbekerwedstryd fan it seizoen hat Marrit Leenstra fan Wikel in sânde plak helle op de 1000 meter. Leenstra ried in tiid fan 1.17,29. De wedstryd op it iis fan Thialf waard wûn troch olympysk kampioene Christine Nesbitt, it twadde plak wie foar Margot Boer en tredde waard Ireen Wüst.
Marrit Leenstra waard ferline wike by it Nederlânsk Kampioenskip ôfstannen earste op de 1000 meter. Doe wie se mei 1.16,84 rapper as freed. Op de 500 meter waard se 20ste yn 39,67.