Beammen Algrawei wurde kape

12 nov 2010 - 16:46

Rykswettersteat sil begjin nije wike de beammen lâns de Hindrik Algrawei by Ljouwert kapje. Yn augustus waarden al mear as 70 beammen fuorthelle, omdat se sa ferrotte wiene dat der tûken ôffalle koene. Neffens Rykswettersteat moatte no ek de oare beammen fuort. Fanwege dat wurk wurdt de Hindrik Algrawei twa nachten lang ôfsletten, it giet dan om de tiisdei- en de woansdeitenacht. Der wurdt noch besjoen oft der opnij beammen lâns de dyk plante wurde sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)