Waskerij brûkt wetter faker

12 nov 2010 - 15:52

By waskerij De Blinde op It Hearrenfean is freed in filter yn gebrûk nommen dy't it ôffalwetter suveret en waarm hâldt. Sa kin it wetter op 'e nij brûkt wurde en hoecht ek minder wetter opwaarme te wurden.

It filterjen bart mei in keramysk filter. In gewoan filter kin net goed oer waarmte en gemikaliën, in keramysk filter wol. It is foar it earst dat dizze technology yn 'e wrâld tapast wurdt. It is goed foar it miljeu en hat ek noch finansjele foardielen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)