Narsingh yn Jong Oranje

12 nov 2010 - 15:25

Luciano Narsingh makket syn debút yn de seleksje fan jong Oranje. De rjochter fleugeloanfaller fan SC Hearrenfean is ien fan de fiif spilers dy't foar it earst oproppen binne foar jong Oranje.

Ek Hearrenfean-oanfaller Bas Dost krige in útnoeging fan bûnscoach Cor Pot. Ferdigener Daryl Janmaat sit net by de defintive seleksje mar moat stand-by bliuwe. De beloften spylje op woansdei 17 novimber in oefenynterlân tsjin jong Denemarken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)