Feardaam Amelân ûnder wetter

De boaten nei It Amelân en Skiermûntseach hawwe fertraging
Troch de hurde wyn binne freed de feardammen fan It Amelân en Skiermûntseach ûnder wetter kommen te stean. Fral op It Amelân soarget dat foar problemen, omdat de fearboat wol út Holwert weigien is, mar net oanlizze kin. De boat rint mei-inoar 2,5 oere fertraging op.
Earder kamen in tal tal fearboaten nei Flylan en Skylge te ferfallen fanwege it hege wetter yn de havens. It gie dêrby sawol om boaten nei, as fan de eilannen.