'Pasjint dupe fan merkwurking'

12 nov 2010 - 14:04

De frijemerk-wurking yn de soarch giet ten koste fan de pasjint. Dat seit Zorgbelang Fryslân freed op it Fries Patienten Kongres yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Foar de merkwurking ynsteld waard, waard der mear gearwurke. Sikehuzen fregen inoar om advys en ferwiisden pasjinten troch.

No binne se konkurrinten en sadwaande stiet it belang fan de pasjint net mear altyd foarop. It MCL seit yn in reaksje dat sy wol oars wolle, mar troch de regels lestich oars kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)