Hillen moandei op fleanbasis

12 nov 2010 - 09:49
  • Minister Hillen fan definsje

CDA-minister fan definsje Hans Hillen sil moandei in besite bringe oan de fleanbasis yn Ljouwert. De minister lit him moarns rûnliede en sil him ynformearje litte oer de gong fan saken op de basis yn Ljouwert.

De ferwachting is net dat de minister fuortendaliks wat sizze sil oer de takomst fan de fleanbasis yn Ljouwert. Ek definsje moat de kommende jierren besunigje. Yn dat ramt is - neffens ynterne rapporten - ek wol tocht oan it sluten fan in fleanbasis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)