Gefolgen stoarm falle ta

© Omrop Fryslân
De stoarm hat oant no ta noch net foar grutte problemen soarge yn Fryslân. De plysje hat it selfs oer in rêstige nacht. Foar safier bekend is der gjin grutte skea, it is beheind bleaun ta ôfwaaide tûken. Plysje en brânwacht hoegden der net faker as oars op út.
Neffens waarman Piet Paulusma moat it ferkear fan 'e moarn yn de spits noch wol rekken hâlde mei wynstjitten. En op it Waad stoarmet it, mei útsjitters oant wynkrêft tsien.