Fries op fêstrûn cruiseskip

Fries om utens Anne-Marije de Vries út Boalsert wie ien fan de goed 4000 minsken dy't trije dagen lang fêst sitten hat op in cruiseskip foar de kust fan Meksiko. Op it skip wie brân ûntstien en dêrtroch kaam it stil te lizzen. Ek foel it waarme wetter, it ljocht en de tillefoan út. Sels de WC koe lange tiid net brûkt wurde.
Tongersdei waard it skip nei San Diego sleept. Neffens De Vries binne se goed opfongen op it skip en hat se gjin momint benaud west.