Lintsje foar Chris Bouma

11 nov 2010 - 20:55

De 66-jierrige Chris Bouma fan Balk hat tongersdeitejûn in Keninklike ûnderskieding krigen. Hy is lid wurden yn de Orde van Oranje Nassau. Hy krige de ûnderskieding út hannen fan loko-boargemaster Frans Veltman.

Bouma is al jierrenlang aktyf as frijwilliger op it mêd fan kultuer en muzyk yn Gaasterlân-Sleat. Ek set hy him ûnder oare yn foar teaterselskip Tryater.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)