Noarden ien plysjeregio

(foto: Omrop Fryslân)
De kâns bestiet dat de plysjekorpsen yn it Noarden mooglik ien grutte plysjeregio wurde. Dat seit korpsbehearder Ferd Crone. It kabinet wol de besteande 25 plysjekorpsen werombringe nei 10 grutte plysjeregio's. Dit moat jild besparje en it plysjewurk effisjinter meitsje.
De korpsen fan Fryslân, Grinslân en Drinte wurkje al in pear jier gear. Lanlik sjoen rinne se wat gearwurking oanbelanget fier foar yn fergelyk mei oare plysjeregio's.