Skoalbern Flylân misse boat

De skoalbern op Flylân hawwe freed frij. Doel is dat se freedtemoarn noch nei skoalle giene, dêrnei begjint foar har in lang wykein. Dat hawwe se omdat de hjerstfakânsje op it eilân earder is en oars de perioade oant de krystfakânsje te lang duorret.
In soad Flylanners gripe de frije dagen oan om in koarte fakânsje oan de fêste wâl te hâlden. Dêrfoar woene se de boat fan kertier foar tolven nimme, mar dy fart net fanwege de stoarm, sa hat Doeksen earder bekend makke.