Meldingen oer stoarmskea

De bern treffe it net
De earste meldingen fan stoarmskea binne tongersdeitemiddei binnenkaam. Se komme bygelyks út Riis, dêr't oan de Leise Leane in beam oer de dyk waaid is. Dy wurdt opromme troch de brânwacht. Oare meldingen binne dien yn Ljouwert en Oerterp.
De lampionne-optocht dy't skoalle De Twa Fisken yn Grou tongersdei hâlde soe fanwege Sint Maarten, giet fanwege de stoarm net troch.