Stoarmsoargen Amelanner keunst
De Kunstmaand Ameland makket him soargen oer de glêzen kontener dy't op it strân by Bueren stiet. De kontener stiet fol op de wyn en de organisaasje is benaud dat de sponningen derút fleane.
Ut foarsoarch foar de stoarm dy't der oankomt wurde dêrom om de glêzen konteners gewoane konteners set. Sa wurdt it glêswurk út 'e wyn hâlden.