CJIB ferstjoert boetes H'fean
Minsken dy't hûnestront lizze litte yn de gemeente Hearrenfean, krije tenei in boete fan it CJIB. Dy stjoert ek de boeten foar te hurd riden. Ek foar it dumpen fan ôffal soarget it CJIB foar de boeten.
Yn Hearrenfean komt in nij boete- en ynkassosysteem. Minsken dy't op dizze saken trapearre wurde, krije tenei in boete yn de bus fan it CJIB, ynstee fan fan de gemeente.