Boattiden eilannen oanpast

11 nov 2010 - 13:42

De plysje op Skylge warskôget foar it ûnderstrûpen tongersdeitenacht fan de haven. Troch de stoarm stiet it wetter heger as gewoan. Minsken wurdt oanret om de auto ergens oars del te setten.

Rederij Doeksen hat syn farskema oanpast fanwege it minne waar. De snelboat fan Harns nei Flylân ferfalt oan de ein fan tongersdeitemiddei. Ynstee dêrfan fart in ekstra fearboat fan Flylân nei Harns om kertier foar fiven tongersdeitemiddei en fan Harns nei Flylân jûns om sân oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)