Wurk Ofslútdyk gau begjinne

11 nov 2010 - 12:58

De wurksumheden oan de Ofslútdyk moatte sa gau mooglik begjinne. Dat is de oprop fan it bedriuwslibben oan de Twadde Keamer. By in sitting yn Den Haach klage in fertsjintwurdiger fan de oannimmers oer it grutte ferskaat oan plannen dat der leit foar de Ofslútdyk.

It giet dan om in sintrale dy't it tij fan it wetter yn 'e gaten hâldt of in spesjale rydbaan foar in superbus. Dat soarte fan plannen soe allinnich mar soargje foar fertraging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)