Unrêst by Tinga en Europrofiel

11 nov 2010 - 11:21

De 130 ûntslaggen by De Vries Kozijnen op De Gordyk soargje ek by de oare Fryske bedriuwen fan de Doorwingroep foar ûnrêst, mar neffens de direksje is dat ûnnedich. It giet om Tinga doarren mei 93 minsken yn Winsum en Europrofiel keunstof kezinen yn Stynsgea.

Neffens direkteur John Rietveldt binne de omstannichheden yn Winsum en Stynsgea oars, omdat de fraach nei doarren en keunstof kezinen minder weromrûn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)