Amelân wol materiaal oanskaffe

11 nov 2010 - 10:37

De gemeente It Amelân wol fêste materialen oanskaffe sadat de ferskate eveneminten op it eilân trochgean kinne. It giet dan om flaggemêsten, in mobyl poadium, stekken, spandoeken en flaggen.

As der in evenemint op It Amelân is, moat dat guod alle kearen opnij kocht wurde, om't it net op it eilân is. De gemeente hopet no op subsydzje fan de provinsje om de materialen keapje te kinnen. Dêrmei besparje eveneminte-organisaasjes in soad jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)