Scooter klapt op fytser

11 nov 2010 - 09:58

De plysje siket de bestjoerder fan in scooter dy't woansdei belutsen wie by in ûngelok yn Ljouwert. De scooter klapte yn de Egelantierstrjitte op in fytser en ried dêrnei troch. De fytser krige in brutsen earm troch de botsing.

De plysje hat in sinjalemint fan de scooter en de bestjoerder. Minsken dy't wat sjoen hawwe, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)