Trije kandidaten hotel Ozinga

11 nov 2010 - 09:50

Begjin desimber wurdt dúdlik wa't de nije eigner wurdt fan it ferneamde hotel Ozinga yn Snits. Eigner wenningstichting De Wierden is noch yn ûnderhanneling mei trije hoareka-ûndernimmers. It hotel waard yn it ferline rund troch Moeke Jikke.

Nei jierren fan leechstân hat de gemeente it mei de wenningstichting restaurearre. It wachtet no noch op in eigner. Eardere plannen foar in hoareka-oplieding mislearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)