Ynbraak tennisklup Bûtenpost

11 nov 2010 - 09:42

Yn de kantine fan de tennisferiening yn Bûtenpost is opnij ynbrutsen. It is al de fyfde kear dat by it klupgebou oan it Freulepaad ynbrutsen is. Ynbrekkers kamen yn de nacht fan tiisdei op woansdei binnen en lieten in grutte ravaazje achter.

De skea foar de feriening is grut. De dieders ha neat meinaam. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)