Ferbouwing doarpshûs kin los

10 nov 2010 - 23:29

De renovaasje fan doarpshûs De Pipegael yn Broeksterwâld kin dochs trochgean. De gemeenteried fan Dantumadiel hat ynstimd mei in ekstra bydrage fan 175.000 euro. De ferbouwing fan it doarpshûs lit al in skoft op him wachtsje. Dat komt omdat de plannen folle djoerder wiene as begrutte.

Op lêst fan de wolstânskommisje moasten oanpassings yn it ûntwerp dien wurde wêrtroch't de kosten heger waarden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)