Webside Fr. Bank net feilich

De webside fan de Friesland Bank soe net feilich wêze
De webside fan de Friesland Bank is net goed genôch befeilige. Dat docht bliken út ûndersyk fan Teus Hagen, befeiligingsekspert. Neffens Hagen brûkt de Friesland Bank in systeem dat maklik te kreakjen is. Dêrmei wurdt de kâns op misbrûk grutter.
Friesland Bank reagearret lulk op de beskuldigings. Neffens in wurdfierster is de site fan de bank wol deeglik betrouber en binne de gegevens fan Hagen basearre op in flater fan inkelde moannen lyn.