Besunigings Omrop oer 4 jier

Omrop Fryslân krijt twa jier ekstra de tiid om de besuniging fan 1,1 miljoen euro út te fieren. It kolleezje woe dat yn 2 jier dwaan, mar dat wurdt no oer fjouwer jier tiid útsmard. Der is dekking fûn út de algemiene reserves.
Froeks-TV krijt noch in jier langer om programma's te meitsjen. De jongerestjoerder hie 3000 hantekens sammele. De steaten binne fierder akkoart gien mei nijbou fan de Fryske Akademy. De steaten praten woansdei oer in besuniging fan 22 miljoen euro.