Dance Factory nominearre

10 nov 2010 - 17:23

Diskoteek Dance Factory yn Berltsum is nomineard foar de 'disko fan it jier award 2010'. Fiif diskoteken meitsje gading nei de titel. De Dance Factory is dit jier foar it earst nomineard.

De kommende wiken kinne besikers stimme. Ek sille alle nominearre diskoteken besocht wurde troch in panel en sil der in filmke makke wurde. Der wurdt beoardield op feilichheid, hygiëne, oanklaaiing en sfear. Op 18 desimber wurdt de winner bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)