Alden Tiny Mulder postúm eare

10 nov 2010 - 15:14
  • De oarkonde en de medalje
  • Rixt Zuidema mei in frou fan de Israelyske ambassade

Yn it Fersetsmuseum yn Ljouwert is woansdei postúm in Yad Vashem-ûnderskieding útrikt oan de âlden fan skriuwster Tiny Mulder. Jan Mulder en Akke Mulder-Salverda joegen yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdak oan in Joadsk famke, de no 76-jierrige Evelijn Weijl-Roos. Sy wie by de útrikking.

De ûnderskieding waard yn ûntfangst nommen troch Rixt Zuidema, dochter fan de krekt ferstoarne Tiny Mulder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)