Steaten te sjen op Omroplive

10 nov 2010 - 14:34

De gearkomste fan Provinsjale Steaten oer de begrutting fan 2011 is live te sjen op ús temakanaal Omroplive.nl. Op de gearkomste wurdt praat oer in searje besunigingsfoarstellen fan it kolleezje fan deputearre steaten. Ien fan dy foarstellen giet oer in besuniging op Omrop Fryslân.

Ut namme fan kolleezje ferdigenet deputearre Pyt Adema (ChristenUnie) de begrutting fan 2011. Adema ferfangt CDA-deputearre Sjoerd Galema, dy't siik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)