Ferset ferkeap natuergebieten

Boargemaster Van Klaveren ropt de provinsje en natuerorganisaasjes op har te fersetten tsjin de ferkeap fan natuergebieten dy't bûten Ekologyske Haadstruktuer lizze. Dizze EHS moast der foar soargje dat natuergebieten goed meielkoar ferbûn wurde, mar net alle natuergebieten falle dêr ûnder.
Om te besunigjen wol it ryk dat Steatsboskbehear dy natuerterreinen ferkeapet. Der soe in natuerkaart komme moatte om dêrmei nei de steatssiktaris te gean.