Parkeargaraazje yn maart iepen

Op 7 maart 2011 giet de parkeargaraazje op it Saailân yn Ljouwert wer iepen. Dy datum waard woansdei bekend makke by it tichtsjen fan it dak. No't it dak ticht is, is de kâns op fertraging yn de bou folle lytser.
Earder wie it de bedoeling dat de parkeargaraazje al yn oktober fan dit jier iepen gean soe, mar troch de fynst fan asbest en de winterperioade ferline jier rûn de bou flink efter op skema.