Aksje: hâld Froeks online

10 nov 2010 - 11:12

Froeks.TV hat woansdei 3000 hantekens oanbean oan it jongste Fryske steatelid, Fernande Teernstra (CDA). Mei de hantekens wurdt de Fryske polityk oproppen om de jongerestjoerder online te hâlden. Deputearre steaten besleat ein oktober de subsydzje foar de stjoerder stop te setten.

De hantekens binne garre ûnder Fryske jongeren. Yn de gearkomste fan provinsjale steaten wurdt woansdei praat oer de besunigings by de media.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)