Steaten earst net op ynternet

De gearkomste fan provinsjale steaten fan woansdei oer de begrutting fan 2011 is foarearst net live te besjen op de webside fan de provinsje. Der binne problemen mei de apparatuer. Der is in monteur op paad om de steuring te ferhelpen.
It is it doel dat nei it middeisskoft de gearkomste wol wer folge wurde kin op ynternet. De gearkomste sil dan ek te sjen wêze fia omroplive.nl. Je kinne de gearkomste wol beharkje op de webside fan 'e provinsje.