Hurdrider pakt by Marsum
Op de Harnzerstrjitwei tusken Ljouwert en Marsum is tiisdeitemiddei in man oanhalden omdat hy fierstente hurd ried. De plysje stie te kontrolearjen mei in lasergun en trapearre de man, dy't 168 kilometer yn de oere ried, wylst dêr mar 100 tastien is.
De plysje hat it rydbewiis fan de man ynnommen en him in bekeuring jûn.