Mishanneling nei MSN-rúzje
Yn Kollum is tiisdeitejûn in 14-jierrich famke mishannele troch twa oare famkes. De trije hiene spul oer in MSN-berjocht. Twa famkes kamen by it famke yn Kollum oan de doar om ferhaal te heljen. Se binne nei it parkearplak by de sportfjilden rûn. Dêr waard it 14-jierrige famke slein troch de twa oaren.
De plysje sil woansdei noch fierder mei de famkes prate.