Brantgum spilet Cupido yn 2011

10 nov 2010 - 09:22

It iepenloftspul fan Brantgum giet takom jier oer leafde en lust. It stik is skreaun troch Baukje fan Hijum en hjit Cupido. It giet oer in doarp op de klaai, mar ek oer de goadewrâld.

Oan it iepenloftspul wurkje foar en achter de skermen tachtich minsken mei. André Beeksma sil de rezjy dwaan. Op 20 novimber binne der audysjes. Ein juny sil Cupido te sjen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)