Weryndieling ferdielt B'him

10 nov 2010 - 06:25

De weryndieling fan Boarnsterhim kin wolris in dreech proses wurde. Dat die tiisdei bliken by in lange en drokbesochte riedsgearkomste. Op 30 novimber nimt de gemeenterie in beslút oer de opdieling, mar de mienings fan de politike partijen binne ferdield.

It kolleezje wol Boarnsterhim opdiele yn twa parten. In diel dat nei de gemeente Ljouwert giet en in diel dat nei Hearrenfean giet. Ferskate doarpen prostearje dêrtsjin mei aksjes en tiisdeitejûn mei ynsprekkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)