SC Hearrenfean út de beker

09 nov 2010 - 20:49

SC Hearrenfean is útskeakele foar de beker. Thús yn it Abe Lenstra Stadion waard tiisdeitejûn mei 2-0 ferlern fan NAC Breda. Trainer Ron Jans fûn dat syn ploech de 20.000 taskôgers yn de kjeld sitten litten hie. By it skoft wie it noch 0-0. Mar yn de 48ste minút makke Matthew Amoah de 1-0 en net folle letter waard it 2-0 troch Robbert Schilder.

Der wiene yn de twadde helte wol goeie kânsen foar Bas Dost en Victor Elm fan de thúsklup, mar it smiet neat op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)