Minder wenningbou yn Ljouwert

09 nov 2010 - 18:37
  • Minder wenningbou yn Ljouwert

Yn Ljouwert wurde de kommende jierren hûnderten wenningen minder boud as dat de gemeente fan doel wie. De gemeente woe oant 2014 jierliks tusken de 400 en 640 wenten bouwe. Dat oantal wurdt no nei ûnderen bysteld nei gemiddeld 300 wenten per jier.

De fraach nei nijbouwenten is troch de krisis bot sakke en sil ek de kommende jierren net echt tanimme, sa ferwachtet de gemeente Ljouwert. Se wolle wol trochgean mei maatregels om de fraach nei keapwenten te stypjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)